Boargerwacht yn Holwert

06 apr 2013 - 10:34

By eveneminten yn Holwert sil in boargerwacht ynset wurde. Dat is freedtejûn besletten op in gearkomste fan doarpsbewenners nei oanlieding fan de fernielings yn it doarp. Der moat ek in soartemint jeugddoarpsbelang komme sadat de jongerein mear belutsen wurdt by it doarp. Fierders is it doel om in leechdrompelich meldpunt te iepenjen. De plysje die ek noch de oprop om dochs foaral oanjefte te dwaan fan fernielings.

De byienkomst fan freedtejûn luts aardich wat folk. De earste oanmeldings foar de boargerwacht binne der al.

Trefwurden: 
Holwert Boargerwacht
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)