Topdei Pieter-Jan Postma

05 apr 2013 - 19:26

Pieter-Jan Postma hie op de foarlêste dei fan de wrâldbekersilerij op it wetter by Majorka in topdei. Hy wûn yn de Finn in race en waard in kear twadde. Postma sylt sneon twa kear in medaljerace. Oan dy finales mei de bêste tsien fan it klassemint begjint hy as twadde. De Brit Giles Scott, freed twadde en achtste, is noch altyd koprinner mei 5 punten, Postma hat acht punten. De Frânsman Jonathan Lobert is tredde mei 26 punten. De punten yn in medaljerace telle dûbel. Scott is de wrâldkampioen fan 2011, Postma waard doe twadde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)