Jild foar jeugdwurkleazens

05 apr 2013 - 16:55

Deputearre steaten wolle 2,1 miljoen euro stekke yn de bestriding fan jeugdwurkleazens. Fryslân wurdt flink troffen troch de krisis; foaral yn de bou reitsje in protte minsken har wurk kwyt. Skoalferlitters fan it MBO komme dêrtroch dreech oan in baan. It idee fan DS is om yn de eigen organisaasje, by gemeenten en oare publike organisaasjes wurkerfaringsplakken oan te bieden.

De bydrage komt fan it jild dat de provinsje oerhâlden hat oer 2012. De provinsje hat 2012 ôfsletten mei in posityf resultaat fan 10,3 miljoen euro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)