Nij rankingsysteem keatsen

05 apr 2013 - 16:24
  • Keatsen telegraaf

Der komt in rankingsysteem yn it keatsen. It is in nij systeem en wurdt freedtejûn oan de leden fan it keatsbûn KNKB presintearre. Op dit stuit wurdt noch troch de technyske kommisje fan it keatsbûn bepaald wa't haadklassekeatsers binne en wa't op in leger nivo aktearje moat. Mar dat is net mear fan dizze tiid en miskien ek wol net objektyf.

Sadwaande is in rankingsysteem betocht. Keatsers kinne alle omlopen dy't se keatse punten fertsjinje. De ranking jildt foar alle partijen, útsein de PC.

De keats-off, dêr't ferline jier mei úteinset is, krijt wol in ferfolch. De partoeren 16 oant en mei 19 fan de ranking moatte noch in kear keatse om in plak op de wichtichste keatspartij fan it jier te fertsjijnjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)