Omrin tichtby keunststofdeal

05 apr 2013 - 15:39

Offalbedriuw Omrin hat goede hoop dat noch dit jier in akkoart sletten wurdt mei in grut bedriuw oer it gebrûk fan recyclje keunststof foar nije produkten yn Fryslân. It giet om keunststof dy't út ôffal helle wurdt. Dêr is Omrin goed yn.

Omrin wol graach bedriuwen nei Fryslân helje dy't de keunststof brûke om nije produkten te meitsjen en te ûntwikkeljen. Dêrfoar is it ek nedich dat ûnderwiisynstellings meidogge. It moaiste soe wêze as der in fabryk boud wurdt by in lokaasje dêr't Omrin de keunststof út it ôffal hellet.

Direkteur John Vernooij fan Omrin sei dit freedtemiddei by de ûntbleating fan in lantearnepeal fan keunststof yn Bûtenpost yn de botanyske tún fan de Kruidhof.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)