Van Basten feroaret neat

SC Hearrenfean trainde freedtemoarn besletten foarôfgeand oan de noardlike twastriid tsjin FC Grins. Marco van Basten woe ek neat sizze oer de opstelling: "Dat blijft een verrassing."
Dochs is it net de ferwachting dat Van Basten feroarings oanbringe sil yn fergeliking mei de wedstriid tsjin Feyenoord (2-0). "Het team dat toen speelde was goed in balans, één van de weinige keren dit seizoen", sa seit Van Basten. Dat betsjut dat oanfierder Ramon Zomer en Chris Kum op 'e bank begjinne.
FC Grins presintearre dizze wike in nije trainer. Assistint Erwin van der Looi sil Robert Maaskant oan de ein fan dit seizoen ferfange. Yn de wedstriid tsjin Hearrenfean kin Grins gjin berop dwaan op de blessearre Género Zeefuik. Maikel Kieftenbeld is skorst.