Drachten: 500 Satudarah-motors

In begraffenisoptocht fan 500 Satudarah-motorriders hat freed de lêste eare bewiisd oan Reinder Rienk van Leeningen fan Oerterp. Satudarahlid Van Leeningen kaam yn de nacht fan freed op sneon om it libben by in auto-ûngelok op Selmien-West.
De optocht gie fan de wente fan Van Leeningen troch it sintrum fan Drachten nei krematoarium de Wâldhôf yn De Pein. De lange begraffenisstoet soarge freed tydlik foar in pear ferkearsopstoppings yn Drachten.