Grutmastertoernoai Frysk spul

It Frysk damjen moat ynternasjonaal op de kaart set wurde. Dat seit Marten Wallinga, de organisator fan it grutmastertoernoai yn Frjentsjer. Frysk damjen liket op 'gewoan damjen', mar hat oare regels. Sa kinne je ek rjochtút slaan, 'oer alles'. In tal fan de bêste dammers fan de wrâld is dit wykein yn Frjentsjer om it Fryske damjen te learen.
Under oare fjouwerfâldich wrâldkampioen Anatoli Gantwarg út Ruslân docht oan it grutmastertoernoai mei. Dit wykein wurdt ek in app lansearre sadat je ek mobyl Frysk damje kinne.