Twa ferwûnen oanriding H'fean

Ambulânse © Omrop Fryslân, Aise van Beets
Op It Hearrenfean binne tongersdeitemiddei twa minsken ferwûne rekke by in oanriding. Ien fan har ried op de Tolhûswei mei syn bestelbus op in strjitlampe dy't op in flechtheuvel stie.
In autobestjoerder dy't fan de oare kant kaam, koe in oanriding mei de bus net mear foarkomme. Beide minsken binne mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs brocht.