Nij telefoannûmer gemeenten

05 apr 2013 - 06:11
  • Telefoan

Fiif Fryske gemeenten hawwe har telefoannûmer feroare. It giet om Frjentsjerteradiel, Harns, fúzjegemeente De Fryske Marren, Littenseradiel en Súdwest-Fryslân. It nûmer is no 14, mei dêr efteroan it netnûmer. As je dat nûmer belje krije je earst in bantsje. Dan moat je noch de namme fan de gemeente ynsprekke dy't je sykje.

Neffens de nije dielnimmers is dat makliker as gewoan mei de gemeente belje. De gemeenten hawwe it nije nûmer tongersdei offisjeel yn gebrûk naam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)