Ljocht jout teatersjenre oan

19 des 2011 - 15:17

Spesjale ferljochting boppe yn de toer fan it nije teater yn Snits moat yn de takomst de wide omjouwing sjen litte wat dy jûn yn it teater te sjen is. Sa kinne der bygelyks blauwe ljochten baarne as der kabaret is, reade foar muzyk en giel foar toaniel. Dat is ien fan de nije details dy't moandei onthuld waarden op in spesjale rûnlieding troch it gebou foar de media.

It teater moat yn july klear wêze. Dat is trije moanne letter as earst it doel wie. Yn oktober sil dan de earste foarstelling wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)