Commander Crowe klasse apart

Commander Crowe, it bêste draafhynder fan Europa hat tongersdei syn fans net teloarsteld. Mei in winstsom fan mear as 3 miljoen euro wie de Sweedske draver swier favoryt foar de koers. En dat wie te sjen.
Fan start oant finish hie de pikeur mear wurk om de flugge draver ôf te remjen as om de koers te winnen. Allinnich op it lêste rjochte ein mocht Commander snelheid meitsje. Mear as genôch om de rest fan it fjild te deklassearjen. De publike belangstelling foel in bytsje ôf. Mar de fans dy't wol by de koers wiene fûnen it prachtich.