Soarch oer wyksintrum Snits

04 apr 2013 - 15:53

Wykferiening De Watertoren fan de Snitser wyk Lemmerweg-West makket him grutte soargen oer it fuortbestean fan it wyksintrum. Dat sit tydlik yn de âlde húshâldskoalle. Dy wurdt fan 1 oktober ôf oerdroegen oan wenningboustichting De Wieren en dan moat it wyksintrum derút. Dan soene se takom moanne al begjinne moatte mei de ûntromming.

It sintrum hat oant no ta gjin alternatyf ûnderdak. De Wieren en de gemeente Súdwest-Fryslân hawwe tongerdeitemiddei oerlein. Mooglik kin de wykferiening langer yn it gebou bliuwe oant dat it sloopt wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)