225 Hurdriders op 'e bon

04 apr 2013 - 15:04

By in kontrôle op te hurd riden yn Nij Beets en Beetsersweach hat de plysje woansdeitemiddei 225 boetes útskreaun. Op trije diken bûten de bebouwing binne mjittings dien. Op de Domela Nieuwenhuiswei ûnder Nij Beets mei op syn hurdst 70 kilometer yn de oere riden wurde. De rapste ried dêr 112. Op de Tolhekbuert jildt in maksimum fan 80 kilometer yn 'e oere. It hurdst ried ien mei 115 kilometer yn 'e oere.

Fan de hast trijehûndert kontrolearre auto's op de Gordyksterwei by Beetstersweach rieden 45 hurder as de tastiene 80 kilometer yn de oere. De rapste die it yn 117.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)