Aparte status fertraget fúzje

04 apr 2013 - 13:47

De útspraken fan minister Plasterk dat der noch gjin konkrete plannen binne foar in fúzje fan Fryslân jout oan dat Fryslân sa'n aparte status hat dat se der dizze kabinetsperioade noch net útkomme. Dat soe in earste stap wêze kinne foar behâld fan selsstannichheid, seit deputearre Schokker.

Woansdeitejûn sei de minister fan ynlânske saken dat der op 't heden gjin plannen binne foar provinsjale weryndieling fan it Noarden. Allinnich de provinsjes Utrecht, Noard-Hollân en Flevolân moatte yn 2015 gearfoege wêze.

Dêrnei sil sjoen wurde nei de oare provinsjes. Neffens deputearre Schokker sil Plasterk wol fêsthâlde oan fiif lânsdielen yn 'e takomst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)