Hemmen net by Cambuur

04 apr 2013 - 13:03

Michiel Hemmen spilet freed net by SC Cambuur yn de thúswedstriid tsjin FC Oss. De spits, kluptopscoarer mei 15 goals, hat tefolle hinder fan in hamstringblessuere. Syn plak yn de spits wurdt ynnaam troch Martijn Barto. Melvin de Leeuw is ek blessearre. Hy hat lêst fan it ankel. Dat betsjut dat Oebele Schokker rjochts yn de oanfal spylje sil en dat Erik Bakker begjint op it middenfjild. Fierder feroaret der neat yn de basisopstelling. Cambuur docht nei de oerwinning tsjin Go Ahead Eagles wer hielendal mei foar de topposysjes.

Opstelling Cambuur: Nienhuis, Droste, Bakens, Van der Laan, Bijker; El Makrini, Bakker, Rose; Tighadouini, Barto, Schokker.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)