Aksje foar Muzyk Maskelyn

04 apr 2013 - 12:42

De Fryske muzykwrâld komt yn ferset tsjin de besunigings by Omrop Fryslân. De brassbands en korpsen yn Fryslân skrikke foaral bot fan it ferdwinen fan it hafabra-muzykprogramma Muzyk Maskelyn. Mei in brief rjochtsje se harren oan de provinsjale polityk om dêr wat oan te dwaan.

Fryslân is in blaasmuzykprovinsje mei mear as 10.000 muzikanten. Boppedat wurde grutte blaaseveneminten lykas de Nederlânske brassbandkampioenskippen fanút Fryslân organisearre. Muzyk Maskelyn nimt dy eveneminten al mear as tritich jier op.

It soe in grut ferlies wêze foar de blaasmuzykwrâld as de omrop de eveneminten net mear opnimt en útstjoert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)