Tsjerketuorren dochs opknapt

04 apr 2013 - 12:30

Twa tsjerketuorren yn Boarnsterhim kinne dochs noch opknapt wurde, om't der jild komt fan de gemeente Boarnsterhim. Woansdei waard bekend dat de gemeente miljoenen ekstra krigen hat fan it ryk om de finansjele problemen op te lossen. Sa kin dochs noch jild nei it renovearjen fan de tsjerktuorren.

De tuorren fan Akkrum en Aldeboarn moatte foar elk 250.000 euro opknapt wurde. Takom jier set it wurk út ein en it moat yn itselde jier klear wêze.

Trefwurden: 
Aldeboarn Akkrum tsjerketoer
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)