Bolt Thrower op Into the Grave

19 des 2011 - 14:54

De organisaasje fan it Into the Grave-metalfestival yn Ljouwert hat bekendmakke wa't de haadact is. It giet om de Britske deathmetalband Bolt Thrower. Dy groep is al 25 jier aktyf en wurdt sjoen as in leginde yn it sjenre.

It festival makket ynkoarten de oare sân bands bekend dy't op 11 augustus op it festival spylje. De foarferkeap fan Into the Grave is moandei úteinset. It festival by de Aldehou yn Ljouwert is takom jier oan de twadde edysje ta.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)