Pieter-Jan Postma bliuwt 5e

© Thom Touw
Pieter-Jan Postma giet nei de tredde dei fan it wrâldbekersilen foar de kust fan Majorka as fiifde de goudfloat yn. De goed 70 Finn silers wurde nei seis races yn twa groepen ferdield. Postma waard yn race fiif njoggende, dêrnei waard er 16e (syn ôflûkresultaat). Yn de tuskenstân is de Brit Giles Scott de nije lieder. Pieter-Jan Postma is fiifde op 12 punten fan Scott.