Jild foar nullen

© Bewurking Omrop Fryslân
Apotekers yn Súdwest-Fryslân krije in fergoeding fan de gemeente at se brûkte nullen en âlde medisinen ynleverje. De fergoeding sil twa jier duorje, sa ha boargemaster en wethâlders besletten. By fjouwer fan de alve apotekers en apoteekhâldende húsdokters betellet de gemeente sa mei oan de ôffalferwurking. De gemeente wol grip krije op de kosten fan it ynsammeljen fan ôffal. Wol wurdt oanjûn dat op termyn it meibeteljen gjin gemeentlike ferantwurdlikheid is.