Staking by Prins is foarby

De staking by Prins yn Dokkum is foarby. De fakbûnen ha woansdeitemiddei in lêste petear mei de direksje hân. Neffens CNV-bestjoerder Strolenberg is der net mear út de ûnderhannelings te heljen. De bûnen binne dan ek akkoart mei in ûntslachfergoeding fan seis moanne-salarissen. Fierder krije de wurknimmers fan Prins twatûzen euro mei yn har syktocht nei oar wurk. By it fangrailfabryk is twa wike staakt. De festiging giet ticht. De 34 personielsleden ferlieze har baan. Freed wurdt it akkoart mei in neutraal advys oan de leden foarlein.