Finânsjes B'him mear op oarder

03 apr 2013 - 16:10

Boarnsterhim is net langer in artikel 12-gemeente. Dat bestjut dat it ryk net langer mear strang finansjeel tafersjoch hâldt. De gemeente krijt nochris 24 miljoen euro fan it ryk om alle finansjele problemen op te lossen. Earder krige Boarnsterhim al 6,6 miljoen. Boarnsterhim wurdt ein dit jier ferdield tusken Ljouwert, Súdwest-Fryslân en Hearrenfean.

Dy gemeenten hoege net de skulden fan Boarnsterhim oan te suverjen. Boarnsterhim frege yn 2009 de status fan artikel 12 oan om út de finansjele problemen te kommen.

De algemiene reserve wie doe miljoenen negatyf en der wie in protte achterstallich ûnderhâld oan bygelyks brêgen en diken. De nije ryksbydrage wurdt dêr ek foar in grut part ynstutsen. Boarnsterhim hat no noch ien finansjeel probleem oer. It âlde gemeentehûs oan de J.W. de Visserwei yn Grou stiet eins foar 2 miljoen euro tefolle yn de boeken fynt de akkountant. De gemeente is it dêr mei iens en hat ek dêrfoar ekstra jild frege by it ryk, mar dat is oant no ta net takend. De gemeente sil dêr tsjin protestearje by it ryk. Boarnsterhim bliuwt noch wol ûnder ferskerpe finansjeel tafersjoch fan de provinsje stean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)