'Skulden flugger oanpakke'

De gemeente Ljouwert kin him fine yn de oanpak fan it ryk fan minsken mei grutte skulden. Steatssiktaris Klijnsma fan sosjale saken wol dat dy minsken gau warskôge wurde en help krije. Se wol sa wat dwaan oan it hurd groeiende tal húshâldings mei skulden. Op dit stuit sit ien op de seis gesinnen mei ien of oare skuld.
Klijnsma wol yn 2014 80 miljoen euro útlûke foar earmoedebelied. De gemeente Ljouwert is 1,5 jier lyn begûn mei in aktive oanpak fan de skuldeproblematyk. Wa't achterrint mei hier of hypteek krijt mooglik besite fan in wykteam.
De gemeente Ljouwert wol sa besykje om gruttere problemen te foarkommen. Ger Jaarsma fan de Gemeentlike Kredytbank is skeptysk oer de oanpak fan de steatssiktaris. In soad minsken bedarje yn 'e skulden omdat se har wurk ferlieze of har hûs net ferkeapje kinne. In warskôging fan de gemeente helpt yn sa'n gefal net, sa seit Jaarsma. Neffens Jaarsma geane troch de krisis in soad minsken al folle ferstanniger mei har jild om as in pear jier lyn.