Boer Frans sjongt yn nije film

03 apr 2013 - 15:41

Boer Frans fan De Westereen hat woansdei in nûmer foar de nije film fan Steven de Jong ynsong. De measte minsken kenne Frans fan syn optredens yn it populêre tv-programma Man Bijt Hond. Mei de regisseur wie er yn de studio fan Syb van der Ploeg yn Ljouwert. It nûmer is bedoeld as promoasje fan de nije film 'Leve Boerenliefde' dy't takom maaitiid yn de bioskoop draait. It ferske is in fariant fan it besteande liet 'Jan van Trien' fan De Stampers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)