FNP: ryksjild moat nei Omrop

Omrop
De FNP steatefraksje fynt dat sawol it ryk en de provinsje no oan set binne om Omrop Fryslân te stypjen mei in bydrage dy't in folsleine en alsidige programmearring mooglik makket. De partij reagearret dermei op it rapport fan de Kommisje Hoekstra dat pleitet foar in spesjale posysje foar de Omrop yn it mediabestel.
Steatssekretaris Dekker wol dêr neat fan witte. Mei it ekstra jild kinne de besunigings fan de lêste jierren skrast wurde. De Omrop is wichtich foar Fryslân en it Frysk. It ryk en de provinsje moatte dêr wol mear jild oan jaan.