Nij museum yn Grou

03 apr 2013 - 14:21
  • Sint Piter yn Grou

Grou hat fan dit wykein ôf in nij museum. It eardere museum De Trije Gritenijen giet fierder ûnder de nije namme 'Hert fan Fryslân'. It museum giet sneon iepen. Yn it museum komme ferskillende Grouster tema's oan bod lykas wetter, Sint Piter, de Halbertsma's en de Fryske taal. By de iepening is in tydlike eksposysje oer it wurk fan de dichter J.B. Schepers te sjen. Schepers wenne as jonkje yn Grou as soan fan de húsdokter. Yn syn dichtwurk spilet syn Grouster jeugd in grutte rol. De offisjele iepening fan it nije museum is yn oktober.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)