NCPN ferkiesber Fryske Marren

03 apr 2013 - 12:38
  • De Fryske Marren

De Nieuwe Communistische Partij Nederland docht mei oan de ferkiezings yn de nije gemeente De Fryske Marren. De partij hat op dit stuit yn Fryslân allinnich plak yn de gemeenteried fan Lemsterlân, dat opgiet yn De Fryske Marren. Yn Lemsterlân hat de NCPN twa sitten. Der wienen fragen fan de achterban oer hoe't it komme soe nei de fúzje. Visser fan de NCPN tinkt dat der genôch oanhing is yn de nije gemeente sadat dy ien sit opsmite kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)