Rekôrtal seehûnen Pieterburen

© Omrop Fryslân
De seehûnekresj yn Pieterburen hat dit jier in rekôr oan seehûnen opnaam. Snein waard de 700e delbrocht. Oer hiel 2010 waarden hast 600 seehûnen opfongen. Troch it minne waar binne de ôfrûne wiken in soad jongen yn de problemen kaam. De opfang hat ek mear seehûnen binnenkrige mei longwjirms. De parasiten taaste de longen oan, wêrtroch't de seehûnen net mear sykhelje kinne.
Op dit stuit hat Pieterburen goed 230 yn de opfang. Alle needplakken sitte fol. In ekstra ynhierde grutte tinte is ek hast fol.