Fakbûn en direksje Prins prate

Staking Prins Dokkum © Omrop Fryslân, Alle Faber
De fakbûnen en de direksje fan Prins Dokkum prate wer mei elkoar. Dêrom wurdt foarearst net mear staakt. Dat lit it fakbûn CNV witte. Underhanneler Frans Strolenberg fan it fakbûn seit dat der foarútgong boekt wurdt, mar dat it noch hieltyd dreech rint. Der is neffens him troch de direksje fan it fangrailfabryk in nij einbod dien foar in sosjaal plan. Woansdei wurdt fierder praat. Freed wurdt dit plan foarlein oan de leden. De ôfrûne 14 dagen ha wurknimmers geregeld it wurk dellein. Prins wol it fabryk slute en dan ferlieze 34 minsken har baan.