Lichem fermiste frou fûn

03 apr 2013 - 09:55

Yn Dokkum is woansdeitemoarn oan de Hurddraversdyk it lichem fan in frou fûn. It giet om de 54-jierrige frou út Dokkum dy't sûnt tiisdeitemiddei 16.00 oere fermist waard. Se hat nei alle gedachten harsels tekoart dien. De plysje hat tiisdeitejûn noch in burgernetaksje hâlden foar de frou. Woansdeitemoarn is spoare-ûndersyk dien. Dêrút is opmakke dat se net troch in misdriuw om it libben kaam is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)