Man byt plysje yn 'e hân

In 33-jierrige man hat tiisdeitejûn yn Drachten in plysjeman yn de hân biten. De plysjes kontrolearren de automobilist sûnder fêst wenplak op de Noordkade om't ien fan syn achterljochten net wurke. Hy sei dat er gjin rydbewiis hie en koe him ek net legitimearje. Doe't de plysjes him oanhâlde woene, naaide er út. Se koenen him te pakken krije. By de oanhâlding biet de man de plysje. Mei pepperspray krigen se de man ûnder kontrôle. Hy is ynsletten op it buro. De auto is yn beslach nommen. It is al de tredde kear dat de man sûnder rydbewiis ried.