Man ferwûne by fjochtpartij

03 apr 2013 - 08:54

By in fjochtpartij yn in wenning yn Wolvegea is tiisdeitejûn in 39-jierrige man ferwûne rekke. De man is mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs brocht. In 33-jierrige plakgenoat hat him sels melden op it plysjeburo. Hy wie belutsen by de fjochtpartij en is oanhâlden. De plysje hat yn en om de wenning hinne spoare-ûndersyk dien. Wat de oanlieding west hat fan de rûzje is noch net dúdlik.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)