Dea Lúnberter gjin misdriuw

03 apr 2013 - 08:48
  • Deade man Lúnbert

De 57-jierrige man út Lúnbert is troch in ûngelok om it libben kommen. Dat hat de plysje bekend makke. De man waard op 17 maart dea fûn yn in fiver achter syn wenning oan de Aengwirderwei. De plysje hat wiidweidich ûndersyk dien om't net dúdlik wie hoe't de man om it libben kaam wie. Yn dit ûndersyk is no nei foaren kaam dat de man troch in ûngelok yn de fiver telâne kaam is en doe ferdronken is. In misdriuw is útsletten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)