Diskusje oer winkelplan

02 apr 2013 - 23:14

In soad ûndernimmers yn Harns ha flinke krityk op de útwreidingsplannen foar winkelsintrum Kimswerda yn Harns. Sa die tiisdeitejûn bliken op in gemeentlike ynformaasjejûn. Kimswerda, dat in pear kilometer bûten it sintrum leit, wurdt útwreide mei 10.000 kante meter, bedoeld foar grutte detailhannelsaken, lykas túnsintra en grutte fytsesaken.

Dat giet ten koste fan de winkels yn de Harnzer binnenstêd, dêr't op it stuit ek al in soad leechstân is. De HOV wol dêrom in ûndersyk nei nut en needsaak fan de útwreiding.

De gemeente sit lykwols net op sa'n ûndersyk te wachtsjen. Op 8 maaie praat de Harnzer gemeenteried oer de plannen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)