Jong H'fean wint fan Grins

Foarsitter Johan van Tuinen fan sakeklup OSSH op de nijjiersresepsje © Martin de Jong
Koprinner Jong SC Hearrenfean hat de útwedstriid tsjin de nûmer twa, Jong FC Grins, mei 3-2 wûn. De thúsploech kaam troch Paco van Moorsel nei tsien minuten op foarsprong. Krekt foar it skoft makke Mark Uth de lykmakker. Hakim Ziyech soarge mei twa prachtige treffers fan 20 en 25 meter foar de 3-1 Feanster foarsprong. Van Moorsel brocht wer spanning yn de wedstriid, mar Jong Hearrenfean luts mei in protte striid fertsjinne oan it langste ein. De ploech hat no 38 punten út 15 wedstriden, Jong Ajax is de nije nûmer twa mei 30 út 16.