Ljouwert hâldt 8 miljoen oer

02 apr 2013 - 20:09
  • Jild

Ljouwert hat 2012 ôfsletten mei in posityf resultaat fan 8,2 miljoen euro. Dat blykt út de jiersifers dy't it kolleezje tiisdeitemiddei presintearre. In part fan de miljoenen giet yn de algemiene reserves, in oar part wurdt brûkt om risiko's ôf te dekken, bygelyks ferliezen op grûn. Neffens b. en w. wurdt 2013 in dreech jier. Foaral ek om't it kabinet mei in pakket nije besunigingsmaatregels komt en de gemeente der troch de desintralisaasje mear taken by krijt en dat kostet ekstra jild.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)