Tûke stroomkasten yn Fryslân

Dokkum, Burgum en Seisbierrum krije as earste plakken yn Fryslân nije transformatorhúskes en ûnderstasjons, dy't sels stroomsteuringen opspoare kinne. Netwurkbedriuw Liander is al mei de wurksumheden begongen yn Dokkum. Burgum en Seisbierrum folgje letter.
Yn de nije stroomhokjes komme sensoaren en kompjûters, dy't automatysk by it haadkantoar fan it stroombedriuw alarm slane as de stroom fuortfalt. No wurdt in steuring pas fernaam, as de klanten gjin stroom mear hawwe en begjinne te beljen.
Yn 2020 moat yn hiel Nederlân sokke yntelliginte transformatorhúskes stean. Letter moat it stroomnet ek noch oanpast wurde op it grutskalich brûken fan sinnepanielen en waarmtepompen by minsken thús.