Priis geitemolke brekt rekôrs

De priis fan de geitemolke brekt alle rekôrs op dit stuit. Neffens de priisfergeliking fan it produktskip suvel lei de gemiddelde priis fan de molke yn febrewaris boppe de 60 euro de 100 kilo. En dat is sa lang as dizze sifers byhâlden wurde noch nea earder bard.
Oarsaak fan de hege prizen is de grutte fraach yn lannen as Frankryk ek Sina. Neffens geitehâlder Germ de Vries is it noch te betiid om de flage út te stekken. De geitesektor hat de prizen nedich nei in tal minne jierren en hege prizen foar it foer, sa seit er.