Gjin útwreiding De Kievit

02 apr 2013 - 11:45

De plannen foar de útwreiding fan camping De Kievit yn Aldehaske binne definityf fan de baan. Eigener Roelof Speelman sjocht de ynvestearring sjoen de krisis net sitten en hat de stekker út it projekt lutsen.

De campinghâlder is sûnt 2004 mei de plannen dwaande west. Hy woe fiif bunder grûn by de camping lûke foar kampearplakken. Speelman wol de polityk net de skuld jaan fan it mislearjen. Mar de wiziging fan it bestimmingsplan hie neffens him wol in stik flugger kinnen. Speelman is bot teloarsteld oer de hiele gong fan saken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)