Ynbraak yn restaurant Starum

02 apr 2013 - 09:42
  • Plysje-embleem

By in restaurant oan it Hellingspaad yn Starum, is moandeitenacht ynbrutsen. In tagongsdoar fan it restaurant waard mei in soad geweld iepenbrutsen.

De dieders hawwe it kassalaad meinaam. Hoefolle der yn de kassa siet, is noch ûndudlik. De plysje ûndersiket de saak. In 38-jierrige ynwenner fan Starum hat út namme fan it restauant oanjefte dien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)