Man woe 20 beamstammen stelle

Fytser oerfallen yn fytstunnel © Omrop Fryslân
In 41-jierrige man út Marsum is moandeitejûn oanhâlden op fertinking fan stellerij fan hout.
Plysjes seagen oan de Westergoawei yn Marsum in oanhingwein mei in grutte partij beamstammen stean. Sjoen it tiidstip besletten de plysjes om te stopjen. De karre mei goed 20 beamstammen siet fêst achter in trekker. De 41-jierrige man stie der by. Hy joech fuortdalik ta dat er fout siet. Hy is meinaam nei it plysjeburo. Neidat proses-ferbaal tsjin him opmakke wie, mocht hy wer nei hûs ta.