LC en FD no moarnskranten

02 apr 2013 - 08:41

De Ljouwerter Krante en it Frysk Deiblêd binne sûnt tiisdei moarnskranten. Oant no ta ferskynden beide kranten middeis. De kranten sizze aktueler wêze te wollen. It FD sil mear provinsjaal nijs bringe.

Op de foarside fan de Ljouwerter Krante, winsket haadredakteur Hans Snijder de lêzers in goeiemoarn. Yn it artikel op de foarside skriuwt er dat de besoargers ûnmisber binne by de hiele operaasje. Net eltsenien krige de krante tiisdeitemoarn op 'e tiid yn de bus.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)