Stakers Prins gean troch

02 apr 2013 - 08:07

By Prins Dokkum wurdt tiisdei op 'e nij staakt. It giet om de 14de stakingsdei by it fangrailfabryk. De wurknimmers binne it net iens mei it oerbringen fan de produksje nei it bûtenlân, 34 minsken ferlieze dêrtroch harren baan.

Neffens de fakbûnen en de meiwurkers is de needsaak fan it ferpleatsen fan de produksje nea oantoand. De stakers oerlizze tiisdei ek oer de fraach as se noch in kear mei de direksje fan Prins Dokkum om tafel sille.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)