Weening tsiende yn Baskelân

Pieter Weening © ANP
Hurdfytser Pieter Weening fan 'e Harkema is twadde peaskedei as tsiende einige yn de earste etappe fan de Ronde fan it Baskelân. De Harkiet holp syn ploechgenoat Simon Gerrans úteinlik oan de oerwinning. De Australiër wie nei in rit fan 156.5 kilometer de rapste yn de einsprint fan in kopgroep fan santjin man. Twadde waard de Slowaak Peter Velits, it tredde plak wie foar de Spanjaard Ángel Vicioso.
Weening wie mei syn tsiende plak de bêste Nederlanner.