SWS ferspilet winst yn einfaze

01 apr 2013 - 16:07
  • Trainer Johan Groote

Snits Wyt Swart hat peaskemoandei mei 3-3 lykspile tsjin WKE. Nei 6 minuten tekene Mark Homme van der Veen foar de 1-0. In knappe rêding fan doelman Kevin van der Meulen op in strafskop fan WKE foarkaam de lykmakker. Fuort dêrnei krulle Nickel Nzoko de 2-0 foar de Snitsers binnen. Op stuit fan rêst makke WKE de oanslutingstreffer.

Nei rêst brochten de gasten út Emmen de stân op 2-2. In treffer fan Ramon Giro Batalla krekt foar tiid like de beslissende te wurden. De teloarstelling wie grut doe't WKE yn ekstra tiid dochs de lykmakker skoarde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)