Earste Fries Food Festival

01 apr 2013 - 13:50

Yn Ljouwert is peaskemoandei it Fries Food Festival. Yn De Harmonie is de earste edysje fan dit nije festival dêr't regionale produkten sintraal steane. It giet om sûn, ferantwurd, ambachtlik en earlik iten. Besikers kinne produkten keapje en priuwe. Der binne demonstraasjes, presintaasjes en workshops. Ek binne der films te sjen oer it tema iten. Bern kinne ferantwurd snobbersguod meitsje.

Doel is om it festival alle jierren te hâlden. Yn 2015 moat it bysûnder wurde, dan wol Ljouwert kulinêre haadstêd fan Nederlân wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)