Wegebelesting leit hannel stil

De hannel yn 30 jier âlde auto's leit hielendal stil. Dat komt om't der ynkoarten ek foar dizze kategory wegebelesting betelle wurde moat. Alde BMW's, Mercedessen en Volvo's wurde brûkt foar it deistich wurk/wenferkear om't it goedkeap is. De echte classic cars ferkeapje noch wol en dat komt om't se kocht wurde troch echte leafhawwers en dy litte har net út it fjild slaan troch de wegebelesting. Dizze auto's komme mar in pear kear yn 't jier op de dyk. Dêrom wurdt besocht oft foar dizze kategory in spesjaal 30 dagen taryf komme kin.