Ynfo oer Strieperdyk op Skylge

01 apr 2013 - 11:38

Op de Strieperdyk op Skylge komme ynformaasjebuorden te stean. Dy fertelle besikers oer de skiednis fan de dyk. Dy waard yn de 16de ieu oanlein om de Seeryperpolder hinne. Sûnt dy tiid feroare de funksje fan de dyk in tal kearen en wiene der ek in tal trochbraken.

Hjoed-de-dei hat de dyk benammen in kultuerhistoaryske wearde. Mei de buorden wol de Stichting Waterschapserfgoed it publyk dêr op wize.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)