Mollema start net yn Baskelân

Bauke Mollema © ANP
Hurdfytser Bauke Mollema fan Ljouwert giet peaskemoandei net fan start yn de Ronde fan Baskelân. De koereur fan Blanco hat de gryp. Mollema skriuwt op syn eigen webside dat er bot wurch is en pineholle hat. Bauke Mollema waard ferline jier tredde yn de rittekoers, dy't moandei begjint en oant sneon hâlden wurdt. It team fan Blanco wiist gjin ferfanger fan Mollema oan.